Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.
Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel sân Klaas Rusticus. Hy makke teäter en muzyk foar jeugd en makke syn telefyzjedebút by Swiebertje yn 1969. Foar de NCRV makke er it jeugdprogramma Orimoa yn 1974. Ek regisearre er de film Boete dwaen nei in ferhaal fan Teatske Alzum (1978), dy Fryske film wie op lanlike telefyzje te sjen, in primeur. We sjogge ek in fragmint út de film 'Want alleen kan ik niet gaan' (1979) en in muzykregistraasje út 1990. Rusticus wurket no benammen yn Dútslân.
Dizze Sadwaande giet oer it Fries Paarden Centrum yn Drachten. Dat is krektlyn iepene, mei keninginne Beatrix. Der is in grutte evenemintehal, in maneezje en sels in hotel. We sjogge by de training, keuring en yn de stâlen en der is ek in tentoanstelling oer de skiednis, mei sjeas en Frysk kostúm. We sjogge ek by keunstner Hans Jouta. Floris is hynsteflústerer.
Douwe Heeringa is op Skylge, by it Oerolfestival. Hy sjocht allerhanne acts op strjitte. Ek komme foarstellingen op ferskate lokaasjes foarby fan: Les Arts Sauts, Dogtroep, Derevo, Suver Nuver, De Muzen, Wonderbaar, Stichting Papa en Rauw.
It vmbo-ûnderwiis stiet swier ûnder druk. Sawat 15 persint fan alle learlingen ferlit de skoalle sûnder diploma. Dochs binne der ek skoallen der't it oars is, lykas de Maritime Akademy yn Harns. Omrop Fryslân folge learlingen Ynse Leenstra, Jan Steenstra, Jard Jissink en Marjoke van Es 24 oeren lang.
Dizze ôflevering fan It Paad Werom út 2010 giet oer VV Jobbegea yn de sechtiger jierren. Dan steane der in pear mannen op it fjild dy't krekt eefkes mear kinne as in oar, om't se altyd, mar dan ek altyd oan it baltsjetraapjen binne. Se reitsje sa opinoar ynspile dat se inoar mei de eagen ticht strakke ballen taspylje kinne. Dat docht fertuten: begjin jierren sechtich hat Jobbegea it bêste sneinsfuotbalteam fan Fryslân, dat spilet op it nivo wat no de haadklasse is.
Dokumintêre oer Titus Brandsma (1881-1942). Hy wie pater by de karmeliten, heechlearaar, publisist en fersetsstrider. Hy waard ombrocht yn in konsintraasjekamp. Gryt van Duinen prate û.o. mei Ton Crijnen dy't in boek oer Titus Brandsma skreau. Yn 2022 waard Brandsma hillich ferklearre.
Programmamakker Piter Tjeerdsma folge de willepunkband Strawelte by de tariedings foar harren reunykonserten yn 2008. Ek mei histoaryske bylden fan optredens yn Litouwen yn 1989 en it ôfskiedskonsert yn Bûtenpost yn 1990.
Earste diel fan in twalûk út 2008 oer de gefolgen fan de klimaatferoarings. Wat is nedich om yn Fryslân ek yn de takomst drûge fuotten te hâlden? Hoefolle moatte de seediken ferhege wurde en wat is nedich om de Fryske boezem 'klimaatproof' te meitsjen?
Twadde diel fan it twalûk oer Fryslân as wetterprovinsje. Yn dizze ôflevering: nije technology om wetter te suverjen, en hoe't je dêr in ekonomysk model fan meitsje, dat wol sizze, jild mei fertsjinje kinne.
Programmamakker Henk te Biesebeek sketst yn dizze dokumintêre út 2008 in portret fan detektiveskriuwer Havank, dy't yn 1904 berne waard yn Ljouwert as Hans van der Kallen. Syn boeken yn de Zwarte Beertjes-sery, mei De Schaduw as haadpersoan, wiene in grut sukses. Nei syn dea yn 1964 hat skriuwer/sjoernalist Pieter Terpstra syn skriuwen oernaam en trochset, sa binne der noch 24 boekjes útbrocht. Dêrnei wie it dien, it ferkocht net mear, it wie te wollich en te âlderwetsk. Utjouwerij Bruna hie it idee om De Schaduw noch in kear ta libben te bringen yn in nij boek.
Portret fan artistyk lieder Ira Judkovskaja fan toanielselskip Tryater. De fan oarsprong Russyske kaam yn 1990 nei Nederlân en weaget har no oan it Frysk. Tryater komt mei har grutste teaterproduksje ea, de Alvestêdetocht, fanwege it 100-jierrich bestean fan de tocht.
De ierappel hat him sûnt de yntroduksje yn 'e 16e iuw yn Europa ûntwikkele ta it fjirde lânbougewaaks; nei weet, rys en mais. De ierappel waard rûn 1536 meinommen fan Súd-Amearika nei Spanje. De doku giet yn op de histoarje, de feredeling en de ekonomyske wearde fan de ierappel.
Griend is it lytste waadeilân fan Nederlân. It is in beskerme fûgelreservaat. Fan april oant en mei july wennet der in biologe-echtpear. Omrop Fryslân filme op it eilân om te sjen hoe't de minsken harren ferhâlde ta de fûgels.
Gryt van Duinen liedt twa diskusjes: Klaas Jansma en Durk van der Schaaf prate oer de betinking fan de Slach by Warns. De twadde diskusje giet oer de reorganisaasje by Frico Domo, mei boeren, wurknimmers en minsken fan it fakbûn.
Under de namme Fryslân Boppe stjoerde Omrop Fryslân tusken 1991 en 1994 op de sneinen in rige diskusjes oer maatskiplike ûnderwerpen út, fanút de Koperen Tuin yn Ljouwert of in oare bysûndere lokaasje.
Skriuwster Riek Landman praat oan tafel by Bouke Oldenhof oer har wurk, har ferline en har persoan. Yn 1995 wie se de bêst ferkeapjende auteur by de sutelaksje fan Fryske boeken, mar earder wie se aktrise by ferneamde toanielselskippen.